zondag 17 januari 2021

Snie | Meindert Talma


 Mister Noardewyn Willem de Vries kwam op 8-1-2021 langs in Noordhorn.

Voor de gelegenheid bewerkte Meindert Talma het gedicht 'Snie' van de jonggestorven (TBC) Friese dichter Pyt van der Burg (1983-1922) tot een lied en vertaalde de tekst in deze clip Winter lei de wrâld oan bannen Snie lei oer de lege lannen Diek de feale, keale greiden, Dêr’t de skiere skiep jit weiden. Blonk op beammen en op skuorren Op ‘e húzen fan ‘e buorren Wintersinne skynd’er oer Teek’ne ‘t tek fan hûs en toer. Wite wollen tekken lei Oer de lûden fan de dei Snie wie al in mylde seine As in wijing fan it reine Rûnom wie ‘t mei snie bedutsen ‘t libben like wol berutsen Krekt as wie in wite Jiske Sêft oer alles hinne wiske. Want it lûd fan trein en smidte Klonk sa fyn en ut de fierte En de lytse minskestimmen Wien’alhiel net te fernimmen.
REFREIN Lein oer hjerstich keale fjilden Dêr’t de wurge minsken tilden Oer har drusen en har lêsten Sunder lins en sûnder rêsten. Mar bij ‘t hege, kleare blinken Fielden hja har soarch fersinken. Inklen stienen bliid as bern Glimkjend foar har ut te sjen.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten